Gerrit Breteler
Текст песни As it jo wil is (Leonard Cohen cover)

Добавьте этот текст песни в ваш персональный список песен.

Текст песни Gerrit Breteler - As it jo wil is (Leonard Cohen cover)

As it jo wil is (Leonard Cohen cover) by Gerrit Breteler
As it jo wil is
Dat ik gjin taal mear hie
En myn stim stil is
Sa as it eartiids wie
Dan sil ik swije
Sa dat it stil is
In wink sil ik krije
As it jo wil is

As it jo han is
De wiisheid no
Fan 't fertoarke stran is
Dan sjonge ik foar jo
Hoe 't it fertoarke stran is
It liet op 'e tonge
As it jo wil is
Lit my dan sjonge

En as it wurd wier is
En stimmen ferstomme

Elts jubeljend blier is
Lit de floed dan mar komme
En as it dan stil is
En doelleas de siel
As it jo wil is
Meitsje us hiel

En as it dan stil is
En doelleas de siel
As it jo wil is
Meitsje us hiel

En rin mei us mei
En hald us fest
Skuor us der by
Yn it ljocht op it lest
It ferslinterjend ljocht
Dat ferpletterjend stil is
Mar de moarntiid brocht
As it jo wil is

As it jo wil is

Поиск текстов

Ваш личный список песен:

Для быстрого перехода к нужной песне вы можете добавлять в этот список любые тексты песен. Данный список автоматически сохраняется на вашем компьютере.